15 april, Lyts Frysk Diktee

Fjirtich bern fan groep 7 en 8 dienen tongersdei mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert waarden se útdage om sa goed mooglik Frysk te skriuwen.

 

Tema

De foarronde foar it diktee wie earder dizze moanne op 16 Fryske basisskoallen, wêr't de Fûgelsang ien fan wie. Sa'n 350 bern dienen mei en dêrfan geane dus fjirtich troch nei de finale. It diktee is skreaun troch skriuwster en oersetster Martsje de Jong.

 

Klaas, Anna en Fardau binne krekt net yn'e prizen falen, mar se meie tige grutsk wêze op harren prestaasje en as skoalle binne wy dat fansels ek!